Fergese syktocht plysje en ME

03 aug 2013 - 14:14
  • ME-buske by it Feanster natuergebiet De Heide
  • By De Heide stiene ferskate ME-buskes

De Mobile Ienheid fan de plysje wie sneontemiddei oerenlang dwaande mei in syktocht yn rekreaasjegebiet De Heide by It Hearrenfean nei de twa manlju dy't sûnt sneontemoarn betiid op 'e flecht binne. De twa rieden sneontemoarn op in plysjeauto yn doe't aginten harren kontrolearje woene. Dêrnei lutsen de plysjeminsken it wapen en ha op de manlju sketten. De fertochten rieden fuort, mar de flechtauto mei bloedspoaren is letter weromfûn.

Der waard tocht dat de manlju earne yn 'e boskjes fan de Heide sitte soene, mar se waarden net fÛn.

In tsjûge hat sneontemoarn noch wol in ferwûne man troch de buert rinnen sjoen. Dy melding wie ûnder oare de oanlieding foar de syktocht troch de Mobile Ienheid. De plysje hat ek oan de earste help fan it sikehûs frege om 'fertochte ferwûnen' by har te melden. De plysje hat de sykaksje middeis om fjouwer oere stillein. De twa fertochte manlju wiene op dat stuit noch net fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)