Fergese syktocht parfumdieven

25 jan 2012 - 10:51

    De plysje hat tiisdei op syk west nei twa winkeldieven. Dy hiene by in winkel yn Stiens in grutte partij parfum stellen. In meiwurker seach dat en besocht it duo tsjin te hâlden, mar dat slagge net. Se naaiden út yn in auto. De plysje hat dêrnei nei de auto socht mei help fan burgernet. Dat smiet fjouwer tips op, mar de auto sels is net fûn. De parfum is wol werom. De dieven lieten it guod achter doe't se der fan troch giene.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)