Fergese syktocht nei reedrydster

12 des 2002 - 00:00

Brânwacht, plysje en helpferlieners ha tongersdeitemiddei in skoft dwaande west mei in sykaksje nei in reedrydster. De sykaksje waard útfierd mei help fan dûkers fan 'e brânwacht en in SAR-helikopter.

De frou ride by Hilaard yn in wek. Dêrnei is se op eigen krêft wer út it wetter kaam en nei hûs gien. De plysje kaam dêr by tafal achter doe't se de omjouwing ôfsochten. De frou wie doe al sa'n oerdel oere thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)