Fergese syktocht nei fleantúch

25 jul 2007 - 21:18
  • De SAR-helikopter fan de fleanbasis Ljouwert boppe de Snitsermar.
  • De brânwacht siket op it wetter

Plysje en brânwacht ha woansdeitejûn om 'e nocht socht nei in fleantúchje dat delstoart wêze soe yn de Snitsermar. In skipper miende dat er dat sjoen hie en sloech alarm.

De plysje en de brânwacht ha de hiele mar, puollen en sleatten ôfsocht, mar ha neat fûn. Ek de boatsjeminsken dy't nei it skûtsjesilen by Terherne noch yn de buert leine, hiene neat sjoen. De sykaksje waard nei oardel oere stopset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)