Fergese skilderijen yn Wyns

29 nov 2007 - 16:27
  • Yby Potlach tusken har skilderijen

Keunstneres Yby Potlatch fan Wyns hat in hiel bysûndere aksje. Se jout alle skilderijen dy't se de lêste jierren makke hat fergees fuort. Se wol sa minsken berikke dy't oars nea in skilderij keapje soene. Ek wol se sjen litte dat net alles om jild draait.

De keunstneres wennet midden yn de greide, der is sels net in paad nei har hûs. Dêrom komt der amper folk by har oer de flier. Mar dizze dagen is dat oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)