Fergese krante yn sikehuzen

11 sep 2006 - 11:28

Pasjinten dy't yn in noardlik sikehûs opnommen wurde, krije fan moandei ôf in fergese krante. Se kinne kieze foar de Ljouwerter Krante of it Dagblad van het Noorden. De krante is allinnich de earste dei fan de opname fergees, dêrnei kinne pasjinten in spesjaal abonnemint nimme.

It giet om in inisjatyf fan De Friesland en de Noordelijke Dagblad Combinatie. Yn Fryslân docht allinnich it Antonius Sikehûs yn Snits nét mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)