Fergese eigen frl-ekstinsje

16 feb 2012 - 16:07

Alle Friezen kinne fergees in eigen frl-ekstinsje fêstlizze litte. De provinsje moat dan wol ree wêze om 130.000 euro út te lûken foar it fêstlizzen fan dy ekstinsje. De oanbieding komt fan it bedriuw Dot.tk. Direkteur Zuurbier tinkt dat der in soad belangstelling wêze sil foar de ekstinsje. Neffens de provinsje fersterket .frl de Fryske identiteit.

Dot.tk docht it net om 'e nocht. Se fertsjinje jild oan advertinsjes dy't sy sette op websiden mei de ekstinsje dy't net mear brûkt wurde.

Ferline wike waar yn de Fryske steaten noch in foarstel fan Provinsjale Steaten foar in Fryske ynternetekstinsje ôfwiisd. De provinsje woe dêr 2 miljoen foar reservearje. De steaten fûnen it foarstel te dizenich en wiisden it ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)