Fergese bus- en treinkaarten

19 nov 2004 - 11:53

In tal swarte Piten dielt takom wike woansdei út namme fan ferfiersbedriuw Noordned fergese deikaarten út. Dy sitte yn pûdsjes pipernuten. De minsken dy't sa'n kaart yn har pûdsje fine, kinne in dei fergees mei bus of trein.

Noordned wol mei de aksje reklame meitsje foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier. Mei inoar wurde der 150 fergese kaarten fuortjûn. Dat bart op it busstasjon fan Dokkum, en op de stasjons fan Ljouwert, Snits en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)