Fergees ynternet yn Dokkum

23 apr 2010 - 12:45

As earste Fryske stêd kin elkenien yn 'e binnenstêd fan Dokkum fergees op ynternet surfe. It is bedoeld foar toeristen op de kamping of mei de boat en minsken dy't winkelje yn it sintrum. Op startpagina beleefdokkum.nl fine se ynformaasje fine oer de stêd en de winkels.

Boppedat is fan de grutste winkelstrjitte in 3D-ferzje makke. It projekt krige fan de provinsje twa ton subsydzje. Freed wie de ôftraap troch boargemaster Waanders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)