Fergees ynternet foar toerist

08 jul 2008 - 20:00
  • Plannen foar saneamde wifi-hotspots

Toeristen en sakelju kinne yn de takomst mooglik fergees it ynternet op yn alle alve Fryske stêden. Kabel_Noord ûntwikkelt plannen foar saneamde wifi-hotspots dêr´t minsken tagelyk ek fergees ynformaasje krije kinne oer de stêd.

Der wurde fia dizze triedleaze ynternettsjinst dan ek kommersjele tsjinsten oanbean. Dy moatte der foar soargje dat it allegearre ek út kin. De earste petearen dêroer binne al úteinset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)