Fergees winkelje by Albert Heijn

16 des 2006 - 15:36

Fjouwer lotwinners mochten freedtejûn fjouwer oeren fergees winkelje. De lotterij wie opset fanwege it ombouwen fan de Ljouwerter Konmar nei in Albert Heijn-winkel. De priiswinners krigen sels tips hoe't de karre opboud wurde kin. De karren moasten noch wol troch de poartsjes passe.

Fan alle produktgroepen mochten mar heechút fjouwer artikels pakt wurde. Fansels hiene de priiswinners de karren grôtfol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)