Fergees wifi yn 'e binnenstêd

04 feb 2013 - 10:32
  • Website in.leeuwarden.nl

De hiele binnenstêd fan Ljouwert krijt nei alle gedachten fan 't maaitiid fergees triedleas ynternet. Undernimmers en de gemeente binne hjir op it stuit drok mei dwaande. Ek is der in meinskiplike website dêr't winkels yn 'e stêd op steane.

Hjir komme dan aksjes en eveneminten op te stean en kin in winkelrûte útstippele wurde. De site www.in.leeuwarden.nl is krekt lansearre, it wifi komt der oer in pear moanne. Ien fan 'e doelen fan de stie is om de konkurrinsje mei webwinkels oan te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)