Fergees Turks miel foar swalkers

28 okt 2004 - 09:58

Swalkers yn Ljouwert koene woansdeitemiddei in fergees miel krije yn it gebou fan it Leger des Heils oan de Tunen. It miel waard har oanbean troch Turks restaurant Kaya yn it ramt fan de fêstelmoanne foar moslims, de ramadan.

It idee waard fuortdaliks goed ûntfong troch de minsken fan it opfangsintrum. Sa'n 110 dakleazen kamen ôf op it rinnend buffet mei Turkse gerjochten. De ramadan is freed 15 oktober begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)