Fergees sykje nei fytswrakken yn Harns

05 aug 2015 - 17:12
  • Fytsestalling

De gemeente-amtners yn Harns binne dizze wike foar neat op paad west yn harren syktocht nei fytswrakken. De gemeente woe alle fytsen dêr't net mear op fytst wurde kin, of wêr't op syn minst trije essinsjele ûnderdielen fan misse fuorthelje. Nei twa dagen fan sykjen is de aksje ophâlden.

Yn de hiele stêd wie net ien fyts te finen dy't oan dizze easken foldie. De gemeente sil it letter dit jier wer besykje, mar rjochtet him dan op 'weesfytsen', in fyts sûnder eigener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)