Fergees smoargens bringe

16 nov 2003 - 00:00

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel koene sneon har grof smoargens fergees nei de gemeentestoart bringe. Dat smiet har in grutte besparring op en it wie tagelyk de ideale kâns om de skuorre en souder ris goed op te rûmjen.

Gewoanwei kostet it fuortbringen fan ien kuub smoargens hast 50 euro. Der wie dan ek flink wat oanrin sneon. De gemeente oerwaget om mear fan dit soarte dagen yn te fieren. No binne der noch twa sokke dagen yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)