'Fergees' skoalfeest kostet jild

31 mrt 2006 - 17:39

It fergese skoalfeest dat freed hâlden wurdt op it Bogerman Kolleezje yn Snits, kostet dochs jild. De skoalle waard koartlyn troch Radio 538 útroppen ta leukste fan Nederlân. As priis krige it Bogerman in fergees skoalfeest.

No docht bliken dat Radio 538 allinnich mar foar de muzk soarget. De oare kosten, goed 4.000 euro, moatte troch de skoallemienskip sels betelle wurde. Dêrom moatte de learlingen fiif euro yntree betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)