Fergees reklame yn WTC

15 feb 2009 - 10:54

Twa begjinnende bedriuwen op It Bilt meie fergees yn de gemeentlike stand op de bedriuwekontaktdagen stean. It Bilt wol de bedriuwen sa op gong helpe. Dat wurdt dien as ûnderdiel fan de kampanje om Fairtrade-gemeente te wurden. Dat is in gemeente dy't ûnder oare earlike hannel stimulearret.

Mocht It Bilt de titel krije dan is it dêrmei de earste yn Fryslân. De bedriuwekontaktdagen wurde hâlden op 24 en 25 maart yn it WTC-Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)