Fergees parkeare yn Snits

15 jun 2006 - 09:46

Besikers fan Snits kinne tenei fergees parkeare op it terrein Boalserterpoart. Dat nije parkearterrein leit yn de buert fan it sintrum en giet oare wike woansdei iepen. Der kinne 150 auto's stean.

Dizze hjerst komme der nochris fjirtich plakken by. De oanlis fan dy plakken duorret wat langer om't net samar beammen kapt wurde meie. Yn de beammen sitte wetterflearmûzen en dy hawwe krekt jongen krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)