Fergees parkeare yn Frjentsjer

06 jan 2008 - 12:38

Yn Frjentsjer kin op ferskillende plakken eefkes fergees parkeard wurde. Dat kin om't de âlde parkearautomaten ferfongen wurde troch nije. Yn tiid dat der oan de automaten wurde wurdt, hoege minsken dy't parkeare wolle, gjin kaartsje te heljen.

De gemeente Frjentsjerteradiel warskôget derfoar dat it ferkear mooglik lêst hat fan it wurk dat útfierd wurdt oan de automaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)