Fergees oargel spylje

24 jun 2009 - 23:45
  • It oargel wurdt hieltyd minder bespile

Oargeldosint John Terwal út Akkrum docht in twingend berop op PKN-tsjerken yn Fryslân. Neffens him moatte se gjin jild mear freegje foar it bespyljen fan oargels. It ynstrumint is al net sa populêr by jonge muzikanten, mar troch de kosten wurdt it noch minder bespile.

Terwal is drok dwaande mei in 'plan de campagne' om mear oargellearlingen te krijen. Hy hat der no seis nijen by, mar dat is lang net genôch om te foldwaan oan de fraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)