Fergees oanbean: sûne ipen

13 apr 2016 - 19:58
  • It ideaalbyld: sûne ipen yn it fjild

By de Stichting Iepenwacht Fryslân binne oant 1 juny ipen te bestellen. De ôfrûne jierren binne in hiel soad ipen út it lânskip ferdwûn, omdat se de ypsykte hiene. Omdat de yp in beam is dy't by it Fryske lânskip heart wol de ipewacht de beam wer oanplantsje. It giet om beammen foar partikuliere tunen en op monumintale hiemen by bygelyks pleatsen.

De beammen binne fergees, mar de eigener moat de beam wol goed fersoargje. De nij te plantsjen ipen binne resistint tsjin de ypsykte. De beammen wurde betelle út it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)