Fergees nei Skier

15 apr 2011 - 19:15

Sawat 3000 gesinnen hawwe har oanmeld foar de Fakânsjebank. Dat is in organisaasje dy't minsken mei in smelle beurs fergees fakânsjes oanbiedt, fergelykber mei de Voedsel- en kleanbank.

Yn Fryslân docht hotel Graaf Bernstorff op Skier mei oan de Fakânsjebank. Dêr kinne minsken dy't yn it foar selekteard wurde fergees in skoftke trochbringe. Allinnich de perioade heal july oant heal augustus is dêrfan útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)