Fergees museum Brandsma drok

26 jul 2007 - 19:14

Sawat 50 minsken hawwe tongersdei in besite brocht oan it Titus Brandsmamuseum yn Boalsert. It museum wie fergees iepen, omdat it 65 jier lyn wie dat de pater yn in konsintraasjekamp om it libben brocht waard.

Gewoanwei komme der 20 minsken op in dei. It museum is 8 augustus nochris fergees iepen. Dan is it 65 jier lyn dat in freon fan Brandsma ombrocht waard. Dat is predikant Jo Kapteyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)