Fergees monumint foar asylsikers

17 maaie 2006 - 10:23

Njoggen keunstners fan de stifting Memento Gedenkbeelden sille fergees in grêfmonumint meitsje foar njoggen anonime asylsikers, dy't begroeven lizze op it begraafplak yn Sint Anne. De asylsikers lizze dêr sûnder tinkstien.

It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers, it COA, hat keazen foar Sint Anne, om't dit in goedkeape opsje is. De asylsikers ha harsels tekoart dien. Der lizze ek fjouwer bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)