Fergees miel foar dakleazen

22 okt 2004 - 15:48

De dak- en thúsleazen fan Ljouwert kinne takom wike woansdei genietsje fan in fergees Turks miel. Se krije dat oanbean yn it ramt fan de Ramadan, de islamityske fêstenmoanne.

Neffens de Koran moatte je yn de Ramadan tinke om de minsken dy't it net sa goed ha. It inisjatyf fan de aksje komt fan it Turkse restaurant Kaya fan Ljouwert. It restaurant wol mei it servearen fan it miel de islam op in positive manier beljochtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)