Fergees miel foar âlderein

21 feb 2005 - 15:37

By it Hotel Wyswert fan de kristlike hegeskoalle CHN yn Ljouwert kinne 160 aow'ers tiisdei- en tongersdeitejûn fergees ite. De stichting Zes en co hat it inisjatyf nommen om it wolwêzen fan ûnder oaren âlderen te ferbetterjen.

Ien fan de inisjativen is in fergees miel foar âlderen mei in aow-útkearing. Op it menu stean ûnder oaren stoofparren, boffert en hjitte bliksem. Hotel Wyswert yn Ljouwert is it opliedingshotel fan de CHN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)