Fergees mei de bus nei Den Haach

13 maaie 2006 - 12:59

Elk dy't meiprotestearje wol tsjin it skrassen fan de Suderseeline troch it kabinet, kinne fergees mei de bus nei Den Haach. Om tiisdei 23 maaie safolle mooglik minsken mei te krijen nei Den Haach, jout it aksjekomité 'Hier trekken we de lijn' buskaartjes fuort.

Fakbûnen en studinten binne frege om mei te gean. Op it Malieveld en it Binnenhof is in manifestaasje mei artysten út it Noarden. Dielnimmers krije ek in T-shirt en in lunsj.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)