Fergees kompost helje

24 mrt 2012 - 14:58

Tolve Fryske gemeenten hawwe sneon mei-inoar 225 ton kompost útdield tidens har jierlikse kompostaksje. It komt del op sa'n trije kilometer oan kroaden fol kompost.

It skeelt de gemeenten yn de kosten. Foar de ôffalferwurker is it goedkeaper om kompost te meitsjen fan grienôffal as it te ferbrânen of te stoarten is. En ek foar de besikers smyt it direkt foardiel op. It wie sneon dan ek drok by de miljeustrjitten, want in soad minsken binne op it stuit dwaande mei harren tún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)