Fergees ierappeldolle by boer Folkertsma yn Aldemardum

26 okt 2015 - 17:51

De hiele wike binne fergees ierappels op te heljen by de famylje Folkertsma yn Aldemardum. Der lizze noch in hiel soad omdat it lân wiet is en de ierappels der let úthelle binne. Op Facebook ropt Fokje Folkertsma minsken op om âlde klean en learzens oan te dwaan en in soad ierappels op te heljen.

Sa'n 100 minsken hawwe snein del west om ierappels te dollen. Fokje har oprop op Facbook is wol 1000 kear dield. Safolle reaksjes hiene se net ferwachte. Se is tige wiis mei it omtinken, want oars ferrotsje de ierappels mar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)