Fergees fyts op de trein

30 jun 2011 - 14:30

Treinreizgers kinne fan freed ôf op twa trajekten yn Fryslân twa moanne lang fergees de fyts meinimme. It giet om it spoar Ljouwert-Harns(Haven) en Ljouwert-Snits-Starum. It oanbod jildt inkeld op wurkdagen nei njoggen oere en yn de wykeinen.

It fergese fytsferfier is in proef op inisjatyf fan it Fytsersbûn. Arriva hat seis treinen ombouwe litten sadat der plak is foar de fytsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)