Fergees farre mei EVT

19 mrt 2010 - 15:16
  • Passazjiers moasten oer it stek klimme

Passazjiers fan de EVT kinne yn april fergees mei de boat farre tusken Harns en Skylge. De rederij freget gjin jild om de passazjiers te kompensearjen foar de fartiden dy't yn april hantearre wurde.

In konflikt tusken Rykswettersteat en de EVT oer de fartiden rûn de lêste wiken flink út de hân. Rykswettersteat sette stekken del om foar te kommen dat de boat oanlizze koe yn Harns. Nei oerlis wurde de fartiden fan de EVT fan maaie ôf ferromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)