Fergees entree T. Brandsmamuseum

16 feb 2006 - 09:44

Besikers fan it Titus Brandsmamuseum yn Boalsert hoege tenei gjin entreejild mear te beteljen. It museum hopet dat minsken sa entûsjast binne oer wat se sjogge yn it museum, dat se oan 'e ein fan de besite wat jild jouwe.

It museum hopet op dizze wize mear besikers te lûken. Ferline jier brochten 2100 minsken in besite oan it trije jier âlde Titus Brandsmamuseum. Dy moasten dêr tusken 1,50 en 2,50 euro foar betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)