Fergees boek foar reizgers yn Fryske bussen

16 sep 2015 - 11:59

Yn de bussen dy't troch Fryslân ride is fan woansdei ôf it boek "Wurden foar elkoar" te finen. Reizgers meie dit boek fergees meinimme of yn de bus lêze. Yn it boek steane 37 ferhalen fan reizgers yn it Frysk, Nederlânsk mar ek yn it Biltsk en Stellingwerfsk.

De provinsje stekt 55.000 euro yn it projekt. Doel is om de Friezen op in maklike wize yn de kunde komme te litten mei in Frysktalich boek.

It boek 'Wurden foar elkoar' makket ek diel út fan it projekt 'Bus Vol Verhalen'. Direkteur Anne Hettinga fan Arriva hopet dat it projekt trochset wurde kin. It komt offisjeel op 1 oktober oan de ein, mar neffens Hettinga is it sa'n súkses dat it trochgean moat.

Deputearre Johannes Kramer sil de kommende tiid besjen oft dat finansjeel mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)