Fergees advys 'Energiesprong' Súdwest-Fryslân tige populêr

20 jan 2015 - 19:53

Der is in soad belangstelling foar de saneamde Energiesprong fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Sûnt 2012 biedt de gemeente fergees advys oan minsken oan, dy't harren hûs better isolearje wolle of oan de gong wolle mei duorsume enerzjy.

Sûnt it begjin fan it programma hawwe als 550 minsken sok advys oanfrege. De lêste twa ynformaasjegearkomsten ferline wike wiene sels sa drok besocht dat minsken der net mear yn mochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)