Ferfolchûndersyk nei ATF-brân

21 mrt 2006 - 09:19

De GGD Fryslân sil oare moanne einlings út ein sette mei it medysk ferfolch- ûndersyk by minsken dy't sizze sûnens- klachten te hawwen nei de brân by ôffalferwurker ATF yn Drachten. Dy brân op 12 maaie 2000 hâldt Drachten en fiere omjouwing noch hieltyd dwaande.

De GGD docht it kommende ûndersyk yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It medysk ferfolchûndersyk sil april en maaie dien wurde yn de mande mei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)