Ferfolch Talenten foar Talant

15 des 2011 - 17:11

Oan it projekt Talenten voor Talant wurdt in ferfolch jûn. Dat seit de direksje fan it sosjale wurkplak. In jier lyn is in groep fan achttjin jongeren sûnder wurk yn Noardeast Fryslân úteinsetten mei in wurkgelegenheidsprojekt. De jongeren krigen de kâns om in oplieding te dwaan yn de soarch en dêrneist koene se wurkje by de sosjale wurkfoarsjenning Talant.

Tongersdei krigen acht jongeren fan dy groep it diploma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)