Ferfolch saak Nij Beets by Hôf

26 sep 2012 - 15:14

De saak Nij Beets wurdt tongersdei by it gerjochtshôf yn Ljouwert behannele. Sietske H. moat har dan op 'e nij ferantwurdzje foar de dea fan fjouwer fan har poppen. De rjochtbank lei har tolve jier sel op, mar se gie yn heger berop. De saak is de fuortsetting fan de sitting novimber ferline jier by it Hôf. Dêr is doe gjin útspraak dien want der moast mear ûndersyk komme nei Sietske H. Dat rapport fan fjouwer saakkundigen is no klear en wurdt brûkt by de saak. De saak wurdt net hielendal oer dien, wol kin de eask feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)