Ferfolch revu Mien Mooie Stad yn de Harmonie

18 maaie 2015 - 08:25
  • Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

Yn de Harmonie yn Ljouwert is moandeitejûn de premjêre fan teaterrevu Mien Mooie Stad diel 2. Yn ferskate optredens stiet it gewoane libben yn de Fryske haadstêd sintraal. De revu is yn it Liwwadder stedsdialekt. Der sille ek gastakteurs optrede dy't yn it ferline te sjen wiene yn de tv-searje 'Klaar terwijl u wacht'. Dizze waard tusken 2001 en 2008 útstjoerd op it tv-kanaal fan de eardere lokale omrop Mercurius.

Oan de revu wurkje goed 80 frijwilligers mei. It is in ferfolch op de earste teaterrevu dy't ferline jier opfierd waard.

René Southout, Thijs Meester en it smartlappekoar Sipelsjeu fersoargje muzykoptredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)