Ferfolch feilingdei Berltsum

25 sep 2011 - 08:45

De feilingdei yn Berltsum krijt in ferfolch. Dat seit de organisaasje, yn reaksje op de grutte belangstelling fan sneon. Op it feilen fan Berltsumer produkten kamen hast 3500 minsken ôf.

Sy koene ek ferskate glêstúnboubedriuwen besjen en de Berltsumertoer beklimme. Sy koene mei in boat, in âlde bus en in treintsje hinne en wer. Wannear't de twadde edysje hâlden wurdt, is noch net bekend. Mooglik wurdt it in twajierliks evenemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)