Ferfolch Achlumer konvinsje

21 sep 2012 - 11:49
  • Epke Zonderland

De konvinsje fan Achlum fan ferline jier maitiid krijt in lanlik ferfolch. Soarchfersekerder Achmea wol lykas yn Achlum op ferskate plakken hûskeamerpetearen hâlde. Dêrby kinne gewoane minsken mei pommeranten prate oer ûnderwerpen as sûnenssoarch, wurk en pensjoen.

De earste kear is nije wike freed yn Katwyk. Dêr is ûnder oare turner Epke Zonderland fan De Lemmer te gast. Achmea wie ferline jier nei ôfrin hiel tefreden oer de konvinsje fan Achlum. It fersekeringskonsern wol foaral graach witte hoe't gewoane minsken oer har produkten tinke.

In gewoan opinyûndersyk is dêr minder geskikt foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)