Ferfiersferbod; feemerk ôflast

04 aug 2007 - 14:54
  • skieptransport

De feemerk tiisdei yn Ljouwert giet oer fanwege it ferfiersferbod foar kij, skiep, geiten en bargen. Dy is ôfkundige yn ferbân mei de tongblier-útbraak yn Ingelân. It ferbod is sneontemiddei healwei trijen ynsteld.

Allinne ferfier fan bisten dy't fan in feehâlderij rjochtstreeks nei de slacht geane, is tastien. Foarsitter Kooistra fan de Fryske LTO neamt it ferfiersferbod yngripend en drastysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)