Ferfier skiep en bargen tastien

06 apr 2001 - 00:00

Sneon is it wer mooglik om skiep dy't lamje moatte, út it lân te heljen en nei de pleats te bringen. Dat hat minister Brinkhorst tongersdei bepaald. Ek meie bargen wer streekrjocht nei de slachterijen ferfierd wurde.

De ferromming jildt yn it hiele lân útsein it gebiet tusken Swolle, Dimter en Apeldoarn. Skiep en geiten meie net nei de slachterij brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)