Ferfier betelje mei app

08 nov 2013 - 12:16
  • Arrivabus

Ferfiersbedriuw Arriva is mei in proef úteinset om bus- of treinkaartsjes te beteljen mei de mobile telefoan. It systeem hjit 'touch and travel'. Minsken dy't der gebrûk fan meisje, hoege net mear nei in loket of in kaartsjescanner. In app op de telefoan is genôch.

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva sjocht in goede takomst foar it nije systeem. It soe de neidielen fan de OV-chipkaart opheffe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)