Ferfelende Snitser oanhâlden

20 aug 2006 - 17:03

In 17-jierrige Snitser is sneon oanhâlden op de Schaapsmarkt yn syn wenplak. De jonge, dy't op in scooter ried, foel op om't er plysjes oan it útdaagjen wie. De plysjes fregen de jonge om syn fersekeringspapieren.

De Snitser sei dat er se net fine koe en dat de plysje sels wol eefkes sykje mocht. Hy naaide doe út. Nei in koarte efterfolging koe de jonge op de Lytse Tsjerkestrjitte dochs noch oanhâlden wurde. De jonge hie pepperspray by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)