Ferfelende man oanhâlden

15 aug 2012 - 10:44

De plysje hat tiisdeitejûn in man (25) út Easterwalde oanhâlden. De plysjes wiene op de Tilmaad yn Easterwâlde dwaande mei in rúzje tusken twa mannen oer in stellen fyts. De Easterwâldiger bemuoide him dermei en gedroech him ferfelend. Doe't de plysje him fuorttreau, waard de man agressyf en pakte de plysjeman by de kiel. By syn oanhâlding misledige hy de plysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)