Ferfelende Frjentsjerter

15 aug 2011 - 10:41
  • Hoeke Nieuweweg-Weaze (argyffoto: Omrop Fryslân)

De plysje hat snein op de Nieuweweg yn it sintrum fan Ljouwert in 42-jierrige Frjentsjerter oppakt. Hy wie dronken en ferfelend. Syn losrinnende hûn soarge foar in ferkearsopstopping. De man sels soe op De Weaze mei in mes nei foarbygongers swaaid hawwe.

By de oanhâlding fûn de plysje fjoerwurk yn de tas fan de man. Hy flibe ek noch ferskate kearen nei de plysje. De lestige Frjentsjerter is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)