Ferfanging boargemaster Skylge

10 maaie 2005 - 16:19

Boargemaster Visser fan Skylge wurdt nei ferwachting foar de kommende trije moannen ferfongen. Visser is koartlyn operearre oan in kyste yn de holle. Nei de operaasje like it goed te gean, mar Visser hie gauris pine yn 'e holle en rekke duzelich.

Oant no ta namen wethâlders De Haan en Van Urk syn taken oer, mar dat slagget no net mear. Der wurdt no besjoen oft der in tredde wethâlder of in tydlike boargemaster komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)