Ferfanger Ravestein bekend

20 jun 2014 - 10:34
  • Gemeente Opsterlân

Marian Jager-Wöltgens is de kommende tiid waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Se ferfangt boargemaster Francisca Ravestein dy't tongersdei ôfskie naam. De 60-jierrige Jager-Wöltgens út Easterwâlde wie oant begjin dit jier wethâlder by de gemeente Boarnsterhim. Earder wie se ûnder oare wethâlder yn Eaststellingwerf.

Foar de funksje boargemaster fan Opsterlân hawwe harren 25 kandidaten meld. Ynkoarten sil de betrouwenskommisje yn petear mei de selektearre kandidaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)