Ferfangen rút Achmeatoer útsteld

18 okt 2003 - 00:00

Alles wie der sneontemoarn klear foar. Yn 'e nacht fan freed op sneon waard de Achmeatoer in kraan fan mear as 100 meter delset om it stikkene rút yn it panoramadek te ferfangen. Mar op it stuit dat it safier wie waard de operaasje ôfblaasd. Neffens de útfierder stie der tefolle wyn en soe it wurk tefolle risiko opleverje.

It wurdt sneintemoarn op 'e nij besocht om 10 oere. It waarfoarútsjoch foar snein is goed mei mar in bytsje wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)