Ferdûbeling Wâldwei 2008 klear

11 des 2003 - 00:00

De ferdûbeling fan de Wâldwei is yn 2008 klear. Dy tasizzing dogge Rykswettersteat en de bedriuwen dy't de dyk oanlilzze sille. Op 1 maart 2004 begjinne de wurksumheden.

It trajekt fan 13 km tusken Nyegea en Hemriksein by Ljouwert wurdt ferdûbele. Boppedat wurdt de Fonejachtbrêge ferfongen troch in nije, hegere brêge. De brêge by it Langdiel ferdwynt. Dêr komt in akwadukt. Auto's sille amper lêst hawwe fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)